Keatsferiening Easterein organisearret op freed 26 septimber yn gearwurking mei de KNKB en Noflik Easterein in slotfeest fan it keatsseizoen 2014. It doel is om mei-inoar it seizoen op in gesellige wize ôf te sluten mei muzyk fan ûnder oare Jelle B.

Dit feest is net allinnich tagonklik foar keatsers en keatsters. Supporters, freonen en alle oare minsken dy it keatsen in waarm hert tadrage binne fan herte wolkom om dizze feestlikheid by te wenjen!

Ek sille alle sponsers fan de KNKB útnoege wurde foar dit feest. Fierders sil de KNKB dizze gelegenheid oangripe om ferskate jierklasseminten út te rikken.

De doaren by Restaurant Partycentrum Noflik Easterein gean iepen om 20.00 oere.

Dus kom op 26 septimber nei Easterein, altyd gesellich!

Flyer-slotfeest-kaatsseizoen-2014